Lêsten Hearrenfean omheech
De lêsten foar de boargers fan de gemeente Hearrenfean geane takom jier foars omheech. Dat is nedich om de begrutting slutend te krijen. De ûnreplik saakbelesting giet mei trije prosint omheech, de hûnebelesting wurdt djoerder en ek de parkearfergunnings. Sa'n tweintich meiwurkers fan de gemeente krije dien.
De maatregels binne nedich fanwegen de ekonomysk swiere tiden.