Friezen negatyf oer kabinet

13 okt 2011 - 17:03

It kabinet en premier Rutte binne net populêr yn Fryslân. Hast 70 prosint fan de Friezen hat gjin betrouwen yn it kabinet. Se jouwe it rapportsifer 5. Dat docht bliken út in enkête fan it EenVandaag/OmropFryslân opinypanel. Dêr ha 900 Friezen oan meidien. Sa'n 65 prosint is it ûniens mei koartingen op soarch, sosjale saken en kultuer.

In jier lyn gie it kabinet Rutte oan de slach. Lanlik hat 60 prosint fan de Nederlanners gjin betrouwen yn it kabinet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)