Pijper kampioen Premier League

(argyffoto)
Speedwayer Theo Pijper is mei syn team de Glasgow Tigers kampioen wurden fan de Premier League. Mei noch twa wedstriden te gean, kinne se net mear ynhelle wurde troch de konkurrinsje. It is foar it earst yn 17 jier dat de ploech út Glasgow it kampioenskip binnen helle hat. It team bestiet yn totaal út sân riders.
Foar Pijper is it de twadde kear dat hy kampioen wurden is yn de Premier League. Earder die hy dat mei de ploech fan Edinburgh.