Noarden: nei 13 gemeenten

Der soene mar 13 gemeenten yn it Noarden wêze moatte
It Noarden is it bêste ôf mei 13 gemeenten. Dat komt út wittenskiplik ûndersyk fan de Universiteit fan Grins, yn opdracht fan VNO-NCW-Noord. Undernimmers ha baat by sterke gemeenten en dy soene der komme as yn de trije noardlike provinsjes flink weryndield wurdt.
Neffens de ûndersikers binne der 13 plakken mei in sintrumfunksje. Dat soene de nije gemeenten wurde moatte. By ús binne dat Dokkum, Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Drachten.