Belgyske oerfallers oppakt

De plysje hat twa Belgen oanhâlden dy't yn eigen lân socht wurde foar wapene oerfallen. De twa healbroers (20 en 25) binne freed troch in spesjaal arrestaasjeteam oanhâlden yn Snits en Ljouwert.
Der wiene tips dat ien yn it Noarden wie. De fertochte soe kontakt ha mei syn eks-styfheit yn Snits. Undersyk brocht de plysje op it spoar fan syn healbroer dy't socht wurdt foar in oerfal op in apteker. De âldste wurdt fertocht fan in oerfal op in juwelier.