Ljouwert negatyf op Twitter

13 okt 2011 - 11:40

Ljouwert stiet yn de top fiif fan stêden dêr't op Twitter it meast negatyf oer skreaun wurdt. Dat meldt it ynternetûndersyksburo Clipit.nl. Dat hat de ôfrûne trije moanne by aktive twitterers sjoen nei berjochten oer tweintich Nederlânske stêden.

Oer Ljouwert wurdt faak negatyf twittere. Dat smyt de stêd it fyfde plak op yn de kategory negative berjochten. Den Haach stiet dêryn boppe-oan. Ljouwert stiet treds as it giet om tweets oer kriminaliteit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)