Plysje pakt Burgumer

Yn Ljouwert is woansdei in man út Burgum oanhâlden. Hy woe in fyts stelle en mishannele de eigener dêrfan. De eigener siet mei in freon yn in kafee, doe't se seagen dat de fertochte útnaaie soe mei de fyts.
Doe't se him dêr op oansprutsen, joech dy de eigener fan de fyts in fûstslach yn it gesicht. Der ûntstie in fjochtpartij, mar it slagge de fytse-eigener en syn maat om de fertochte fêst te hâlden. De plysje hat de Burgumer meinaam nei it buro.