FNV: taslach foar Frisia

13 okt 2011 - 10:12

Meiwurkers fan Frisia Sâlt yn Harns moatte in sâlt-taslach krije. Dat fynt FNV Bondgenoten. Wurknimmers fan it sâltfabryk ha in soad lêst fan sâltoanslach op har auto's en moatte faker de auto waskje. De taslach is in punt by de CAO-ûnderhannelings.

Direkteur Van Tuinen fan Frisia seit dat sâltoanslach by it wenjen en wurkjen yn Harns heart. Hy achtet de kâns lyts dat in taslach troch de ûnderhannelings komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)