Nije oanjeftes sedesaak Harns

Tsjin de Harnzer (27) dy't fertocht wurdt fan ûntucht mei bern binne fjouwer nije oanjeftes dien. De oanjeftes komme út de groep bern fan 30 bern, dêr't fan it begjin ôf ûndersyk nei dien wurdt. Earder hiene al fjouwer bern oanjefte dien. Justysje ferwachtet dat der gjin nije meldingen mear komme sille.
De fertochte is woansdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Hy moat noch 30 dagen langer fêst sitten bliuwe.