Brân yn hok herberch Ternaard

13 okt 2011 - 08:58

Yn in opslachhok fan herberch De Waard van Ternaard hat tongersdeitemoarn brân west. Dy wie ûntstien troch in stikkene kuolkast. In buorman seach dat der reek ta it dak út kaam en warskôge de plysje.

Nei alle gedachten is in part fan de kuolkast troch in defekt eksplodearre. It hok stiet los fan it bedriuwsgebou en wurdt brûkt foar de opslach fan foarried fan it hotel. It hok rûn grutte skea op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)