Fersmoarge grûn op 26 plakken

12 okt 2011 - 16:30

Der binne yn Fryslân 26 fersmoarge plakken dy't gau skjinmakke wurde moatte. Se kinne gefaarlik wêze foar de folkssûnens. It giet dan bygelyks om eardere waskerijen, gasfabriken of tankstations.

Op fersyk fan de Twadde Keamer binne alle plakken yn kaart brocht. Yn Fryslân giet it om 26 lokaasjes dy't faak tsientallen jierren lyn fersmoarge binne. Foar it jier 2015 moatte se skjin wêze. Neffens de provinsje falle de risiko's wol ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)