'Fúzje goed foar rekreaasje'

Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
Op in grutte ûndernimmerslunsj fan de Keamer fan Keaphannel yn Warkum is woansdei oproppen om mear en better gear te wurkjen. Wethâlder Offringa fan Súdwest-Fryslân rôp dêr tiisdei ek al ta op.
De grutte fúzjegemeente Súdwest-Fryslân is goed foar de gearwurking tusken rekreaasje-ûndernimers. No't de gemeente grutter wurden is, sitte de ûndernimmers net mear nêst de meast direkte konkurrinten út deselde streek en dat helpt, sa is de miening.