Nije klup tsjin krimp

12 okt 2011 - 16:02

In nije organisaasje moat de krimp op it plattelân tsjingean. De Klup Diplomatique Fan Fryslân is woansdei oprjochte. Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma is beskermhear. Provinsje, ûnderwiis en bedriuwslibben betelje mei.

De kommende tritich jier nimt it tal wurkjende Friezen bot ôf. Dat docht bliken út nije CBS-sifers. Yn totaal sil de Fryske befolking tusken no en 2040 mei 17.000 tanimme, mar der binne 6% minder wurkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)