Slachtôffal op Wâldwei
In frachtauto hat woansdei tusken de middei slachtôffal ferlern op de Nygeasterdyk. It spul foel op de dyk en moast fuorthelle wurde.
De eigen skjinmaktsjinst fan it oanbelangjende bedriuw hat it slachtôffal oprêden. It ferkear hat dêr wat hinder fan hân. Neffens de plysje is de hinder yntusken wer foarby.