Sloop Drachten rint achter

12 okt 2011 - 12:05

De sloop fan âlde winkelgebouwen oan it Riedhúsplein yn Drachten rint seis wike fertraging op. Yn de gebouwen sit folle mear asbest as tocht. Dochs wolle de gemeente Smellingerlân en de projektûnwikkelder begjin jannewaris mei de bou fan nije winkels en apparteminten úteinsette. Sawat 85 persint fan alle winkelromte is ferhierd. Sa wol bygelyks de Mediamarkt in festiging iepenje oan it fernijde Riedhúsplein. Under it plein komt in parkeargaraazje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)