Boadskippen út auto stellen

12 okt 2011 - 10:43

In 43-jierrige Ljouwerter is tiisdei oanhâlden nei't er boadskippen fan in 50-jierrige frou stellen hie. De frou hie de boadskippen yn har auto delset. Dy stie op it Cambuursterpaad.

De man bruts de doar iepen en stoppe de boadskippen yn syn fytstassen. Tsjûgen seagen dat en hâlden de man oan. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)