Morgan net werom nei see

12 okt 2011 - 10:17

Orka Morgan giet net werom nei see. Steatssekretaris Bleker hat besluten dat er nei in bistepark op Tenerife giet. Neffens Bleker is it te gefaarlik om de orka werom te stjoeren nei see.

Sa'n oardel jier ferlyn waard Morgan ferswakt út de Waadsee helle. It bist is yn it Dolfinarium yn Hurderwyk fersoarge. In organisaasje spande in rjochtsaak oan om him werom te krijen yn de natuer. Mar neffens Bleker is dat net feilich foar de orka.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)