Sûnder muzyk gjin Simmermerke

11 okt 2011 - 23:34

De merke op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert fan takom simmer giet net troch as der gjin muzyk draaid wurde mei. Dat seit eksploitant en organisator Nico Troost fan de simmermerke.

Troost frege yn febrewaris in fergunning oan. Hy krige dizze wike te hearren dat der mar trije dagen muzyk klinke mei, wylst de merke goed in wike duorret. Mear as trije wol de gemeente net fanwege it maksimale tal lûdsûntheffingen foar in jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)