Gjin nij ûndersyk Antillenflat

11 okt 2011 - 22:33

WoonFriesland lit gjin ekstra ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan de fallende galerijplaten fan de Antillenflat. Ek nei de presintaazje fan de ûndersyksresultaten bleaune der by guon bewenners fragen bestean oer dy oarsaak.

Yn in gearkomste hawwe de ûndersikers útlein dat eardere klachten oer rustkleurich wetter neat út te stean ha mei de konstruksjeproblemen. Hierskuorkes, ûnstien by de bou, binne de oarsaak fan de korroazje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)