EFA-konferinsje nei Fryslân

© Omrop Fryslân
De FNP hat de ynternasjonale EFA-konferinsje fan 2012 nei Fryslân helle. De partij hat in heal jier dwaande west om de konferinsje fan de Europeeske Frije Alliânsje nei Fryslân te heljen.
Dy is fan 22 oant 25 maart yn Ljouwert. Der komme sa'n 140 dielnimmers fan 40 nasjonaliteiten út 16 Europeeske lidsteaten op ôf. Neist de algemiene ledegearkomste wurdt ek praat oer aktuele Europeeske en regionale saken.