Fêste planten yn grienstrook

'Lampepoetsersgers' om in beam hinne
De gemeente Súdwest-Fryslân sil mear perken en grienstrookjes beplantsje mei fêste planten en siergers. It ôfrûne jier hat de gemeente stikken iepenbier grien beplante mei tal fan plantesoarten om te sjen wat it goed docht en wat maklik te ûnderhâlden is.
Fjouwer plantesoarten foldogge goed en sille no faker oanplante wurde. Súdwest-Fryslân sjocht in soad foardielen: der hoecht net skoffele te wurden, it sjocht der moai út en is goed foar bijen, flinters en ynsekten.