Merklapen op ynternet

It Fries Museum en Tresoar begjinne sneon mei in ynteraktive webside oer Fryske merklapen en genealogy.
Op de side kinne besikers ôfbyldings en ferhalen oer merklapen taheakje oan de museumkolleksje. Fierder keppelet de webside de kolleksje fan it Fries Museum mei de ynformaasje fan Tresoar. Sa ûntstiet der in wikselwurking tusken histoaryske boarnen en hjoeddeistige frijetiidsbesteging. Sneon kinne merklapen yn Tresoar ynfierd wurde.