Wenningbrân yn Oerterp

In wenning oan de Feart yn Oerterp hat tiisdeitemiddei grutte reekskea oprûn. Yn de wenning wie in elektryske kachel te hyt wurden. Foarbygongers seagen reek ûnder de foardoar en dakpannen weikommen.
De brânwacht rukte manmachtich út om't net dúdlik wie oft der noch minsken yn 'e hûs wiene. Om't de kachel lang smeuld hat is der in soad reekskea. It hûs is fan binnen folslein swart.