VVD: opsinten net omheech

In ferheging fan de opsinten is ûnakseptabel foar de steatefraksje fan de VVD. De opbringst fan dy provinsjale belesting foar it autoriden giet nei goed 65 miljoen yn 2012. Dêrmei komt Fryslân heger út as it lanlik gemiddelde. Neffens de VVD is earder ôfpraat dat dat net soe.
Neist de ynflaasjekorreksje wurde de opsinten ekstra ferhege fanwege de oanlis fan de sintrale as. Tagelyk besuniget de provinsje op ferkear en ferfier.