Fryslân ien grutte gemeente

11 okt 2011 - 12:38

Fryslân kin it bêste ien grutte gemeente wurde. Dat stelt de gemeente Littenseradiel yn it rapport 'De Ferkearde Ofslach'. Dêryn reagearret de gemeente op alle plannen foar weryndieling.

De Commissie van Wijzen sei dizze maitiid dat Littenseradiel it bêste fusearje kin mei Frjentsjerteradiel, Harns, It Bilt en in part fan Menameradiel. It eastlike part soe tafoege wurde moatte oan Ljouwert. Dat sjocht Littenseradiel net sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)