Bysûndere bou Easterlittens

11 okt 2011 - 11:27

Yn Easterlittens sille alve famyljes in eigen frijsteande wenning bouwe litte. De grûn yn it útwreidingsplan Boalserter Feart is kollektyf oankocht fan in tsjerke. Dêrfoar hawwe de famyljes mei-inoar in feriening CPO oprjochte. CPO stiet foar Collectief Particulier Opdrachtgeverschap.

It plak fan de nijbou wurdt no bouryp makke en yn de rin fan 2012 giet de bou los. Kommende freed sil boargemaster Liemburg it offisjele startsein jaan foar it projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)