Ljouwerter Prescilla teplak
It Ljouwerter famke fan 15 dat sûnt sneintemiddei fermist waard is wer teplak. Prescilla is moandeitejûn werom fûn yn in wenning yn Ljouwert. Der wie har neat oerkommen.
Se wie nei in konflikt mei har âlders fuortrûn. Undersyk ûnder har freonen smiet neat op. Ek in oprop op burgernet hie gjin resultaat.