CDA en PvdA D'diel fierder

10 okt 2011 - 17:38

De fraksjes fan it CDA en PvdA yn Dantumadiel gean definityf net fierder mei Dantumadeel '82. De fraksjefoarsitters praten moandei oer de bestjoerskrisis. Dy ûntstie nei't Dantumadeel '82 neffens de oare partijen net mei in goede opfolger foar de opstapte wethâlder Marianne Hofs kaam.

CDA en PvdA gean no earst tegearre fierder, mar sykje wol in tredde partij dy't in tredde wethâlder leverje kin. Se ha no in minderheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)