Epke wis fan rekfinale

10 okt 2011 - 14:24

Epke Zonderland kin snein 16 oktober meidwaan oan de rekstôkfinale op it wrâldkampioenskip yn Tokio. Epke turne snein in oefening dy't oan de foarsichtige kant wie. Mei in skoare fan 15.133 punten einige er as sechsde.

De Europeesk kampioen moast moandei de hiele dei tasjen hoe't syn konkurrinten it diene. In plak by de earste acht is needsaaklik foar in finaleplak. De iene nei de oare sneuvele. Epke waard sânde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)