Topjier foar Aqua Zoo

Foar Aqua Zoo is 2011 in goed jier. Mei 165.000 besikers en 15 prosint mear omset draait it bistepark by Ljouwert syn bêste jier oant no ta. It jier is ek noch net om en nije wike komt de hjerstfakânsje noch.
De goeie resultaten binne te tankjen oan it goeie foarseizoen en dat it fan it simmer, nettsjinsteande de rein, goed 'dieretún'-waar wie. Dat wol foaral sizze, net te hyt. De kommende jierren wol Aqua Zoo groeie nei 200.000 besikers.