Ferwûne by botsing De Jouwer

10 okt 2011 - 10:15

By in ûngelok op de Haskerveldwei op De Jouwer is sneintemiddei in 63-jierrige ynwenster ferwûne rekke. In 20-jierrige Jouster botste achterop de auto. De man seach te let dat de auto foar him ôfsloech en botste der tsjinoan. Dy auto skeat troch en knalde wer op in auto derfoar.

De auto's fan de 20-jierrige en 63-jierrige Jousters rekken swier skansearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)