Ark út bedriuwsauto stellen
Oan de Singel yn De Harkema is dit wykein in bedriuwsauto iepenbrutsen. Dêrby is ark meinommen. De heit fan de eigner fan de auto waard wekker fan de ynbraak en seach ek in pear minsken rinnen. Doe't er by de auto kaam die bliken dat dy iepenbrutsen wie.
In man fan 30 jier út De Harkema hat oanjefte dien by de plysje.