Flyers winne yn Leuven

10 okt 2011 - 08:05

De iishockeyers fan de Friesland Flyers ha sneintejûn yn België mei 5-2 wûn fan de Leuven Chiefs. In stroefe earste perioade waard ôfsletten op 1-1 mei de Flyer-goal fan Brent Janssen.

Yn de twadde perioade rûnen de Flyers út nei in 3-1 foarsprong troch goals fan Michael Nason en Hans Kroon. Kroon makke yn de lêste perioade ek de 4-1. Nei de 4-2 bepaalde Alexandr Terjohins de einstân yn dizze rommelige wedstriid op 5-2 foar de Flyers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)