FNP yn noed oer Fryske taal

10 okt 2011 - 07:26

De FNP-fraksje yn de gemeenteried fan Hearrenfean makket him soargen oer it gebrûk fan it Frysk yn de twa nije gemeenten dy't ûntstean nei it opsplitsen fan Boarnsterhim.

De partij stelt dat der yn it weryndielingsûntwerp gjin wurd stiet oer it gebrûk fan it Frysk. De FNP wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte oft it ree is om yn it weryndielingsûntwerp dochs noch omtinken te jaan oan de Fryske taal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)