Beachfollyballers winne

10 okt 2011 - 07:14

It beachfollybalduo fan de Ljouwerter Richard Schuil en syn maat Reinder Nummerdor hat it wrâldtoer-toernoai yn it Marokkaanske Agadir op syn namme skreaun. Yn de finale fersloegen se de Dútsers Julius Brink en Jonas Reckermann. Dy wienen as earste pleatst.

De setstannen wienen 22-10, 16-21 en 15-11. It is de earste oerwinning fan de beide manlju op de wrâldtoer dit seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)