Fries wint Bikkelsurvivalrun

09 okt 2011 - 18:15

De Ljouwerter Bikkelsurvivalrun hat snein in Fryske winner opsmiten. Ydo de Vries út Bontebok wie yn de topklasse nei tsien kilometer de bêste. Neist it reinwetter wie it dit jier in tige wiete edysje, omdat der ek in soad wetter opnaam wie yn it parkoers. De Vries wie favoryt, om't de winner fan de lêste twa jier net meidie.

Lenneke van der Heide fan It Fean wie by de froulju mei in fjirde plak de bêste Friezinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)