Van Lunzen rapste 40-plusser

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter hurdrinner Remon van Lunzen is snein as twadde Nederlanner oer de streek kaam by de maraton fan Eindhoven. Hy rûn in tiid fan 2.27,43. Yn de kategory 40 plus, dêr't er yn sit, wie er dêrmei de rapste.
Van Lunzen hie gjin hege ferwachtings fan de maraton fan Eindhoven. Syn tarieding wie minder goed as oare jierren. Hy wie dan ek mear as tefreden oer it resultaat.