Utwinst foar Snits Wyt Swart

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart/BOSO hat him snein tsjin MSC út Meppel revansjearre foar it knoffelige ferlies fan ferline wike. Snits WS wûn mei 1-0 troch in goal fan Freerk de Jong yn de 80e minút. Ferline wike ferlearen de Snitsers nettjinsteande trije doelpunten mei 5-3 fan RKHVV.
Mei dizze trije punten stiet Snits Wyt Swart mei sân punten op plak acht. Takom wike spilet de ploech fan Johan Groote tsjin Be Quick 1887.