Ferlies foar Avanti

Sealfuotbalklup Avanti/Posthumus hat mei 4-1 ferlern fan Aorc Amsterdam. Yn de earste helte wie Avanti net de mindere en miste it grutte kânsen. Avanti kaam earst op efterstân, mar koe nettsjinsteande alle kânsen foar rêst mar ien doelpunt meitsje.
Yn de twadde helte makke Aorc nei tsien minuten de 2-1. Dêr koe de ploech fan trainers Lieuwe van der Wijk en Jos Alkema net mear neist komme. De thúsploech makke noch twa. Avanti stiet no op it tsiende plak.