lepen diskojûn foar âlden

De iepen jûn by acht diskoteken yn de provinsje hat oeral inkelde tsientallen âlden lutsen. Eigners hiene de doarren iepenset om de âlden sjen te litten wat allegearre dien wurdt oan de feiligens fan de jeugd en de wize wêrop't se omgean mei alkohol. Jongerein komt geregeld min yn it nijs nei't se op stap west hawwe.
It wie de earste kear dat de iepen jûn op sa'n grutte skaal yn Fryslân hâlden waard.