Man pakt mei kokaïne yn Grou
In man fan 20 jier út Aldeboarn is sneontenacht oanhâlden omdat er kokaïne by him hie. Personiel fan in hoarekasaak yn Grou krige fan besikers te hearren dat yn de húskes mooglik drugs brûkt waard.
In meiwurker fan de saak trof de 20-jierrige man oan. Hy hie kokaïne by him. De plysje hat de man meinaam nei it buro.