Man út Raalte fernielt ruten

09 okt 2011 - 13:21

In 39-jierrige man út Raalte is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden foar it fernielen fan ruten. Tsjûgen seagen dat er yn de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert de ruten fan in wenning fernielde.

De plysje koe him eefkes letter oppakke. De man misledige de plysje doe't er oerbrocht waard nei it buro. Dêr is er fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)