Jonges pakt foar brânstifting

09 okt 2011 - 12:09

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein twa Ljouwerters fan 15 en 18 jier oppakt foar brânstifting. In tsjûge seach dat yn de Leeuwerikstrjitte in kontener yn 'e brân set waard.

It slagge de tsjûge om de 15-jierrige oan te hâlden. De oare wist út te naaien. De plysje trof him eefkes letter yn de Mozartstrjitte oan. Beide fertochten moasten mei nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)