Websiden gemeenten lek

08 okt 2011 - 20:42
Foto: Omrop Fryslân

De websiden fan de gemeenten Littenseradiel en Lemsterlan binne lek. Dat meldt de webside geenstijl.nl Dêrtroch is it mooglik bestannen oan te passen of te wiskjen. Ek biedt it de mooglikheid bestannen fan DigiD op te heljen. Mei gegevens fan in oar kinne dan hannelings útfierd wurde by de gemeente.

Fyftich gemeenten yn Nederlan hawwe dat probleem. De websiden moatte meikoarten offline helle wurde. Dat is no noch net dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)