Drachtster Boys rint read oan

08 okt 2011 - 16:59

Sneonshaadklasser Drachtster Boys hat noch altyd net de earste seizoenswinst pakt. De thúswedstriid tsjin nûmer lêst, Berkum, waard mei 2-0 ferlern.

De ploech fan trainer Jan van Raalte einige de wedstriid mei njoggen man. Neidat de besikers op foarsprong kaam wiene, krige Jelle Teitsma in twadde giele, en dus in reade kaart. Datselde barde mei Hedzer Prins. Dêrnei wie Drachtster Boys net mear by machte om lyk te meitsjen. De útslach pakte noch slimmer út: Berkum skoarde de 2-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)