Jildpot Doe een Wens stellen
By in bedriuw oan de Stasjonswei yn Ljouwert is jild stellen dat bestimd wie foar in goed doel. It publyk koe foar de stichting Doe een Wens jild yn in pot dwaan. Dy stie op de baly by it bedriuw.
Nei't no bliken docht, is dy pot op tiisdei 20 septimber stellen. Hoefolle jild oft der krekt yn siet, is net dúdlik. De plysje hat in ûndersyk dien.