Dronken man rydt auto tún yn
In 20-jierrige ynwenner fan Jiskenhuzen is ôfrûne nacht yn syn wenplak mei de auto de tún fan in wenning oan de Ikkers ynriden. Dêrnei naaide er út.
De plysje wist de man te achterheljen en koe him oanhâlde yn syn eigen wenning. Op it buro die bliken dat er tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is yn beslach naam. De man hat in proses-ferbaal krigen.