Harns siket nije wethâlder

Ferskate minsken hawwe harren oanmeld foar de funksje fan wethâlder yn de gemeente Harns. Dat seit wethâlder Le Roy. Sneon stie in advertinsje yn de kranten. Dêrfoar is der ek al belangstelling toand. Harns siket ien dy't kiest foar transparant en praktysk hanneljen. De ferbinende eigenskippen binne in wichtich punt.
De funksje kaam beskikber nei it fuortgean fan wethâlder Jan de Boer. Heal novimber hopet Harns de beneaming klear te hawwen.