Gjin flugge boat nei Flylân

08 okt 2011 - 08:31

Troch it minne waar fart de flugge fearboat fan en nei Flylân sneon net. De boaten fan healwei seizen nei it eilân, dy fan Skylge nei Flylân fan fiif foar healwei sânen en de boat fan sân oere fan Flylân nei Harns falle út.

Yn plak dêrfan lit rederij Doeksen in ekstra gewoane fearstjinst farre. Dy giet om kertier foar fiven fan it eilân ôf en om sân oere fan Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)