Priis foar reklame Frl. Bank

De priiswinners (foto: Menno Ridderhof)
De Friesland Bank is keazen ta bêste radio advertearder fan it jier. Dat is bekend makke op de RAB Radio Awards 2011. De Friesland Bank wûn de award foar de spotsjes op radio mei Jort Kelder.
Neffens de sjuery sit de krêft yn de kombinaasje fan de flugge sakeman en de Fryske nochterens. De reklames binne waarm en persoanlik. Brillekonsern Pearl en supermerk Albert Heijn wiene ek nominearre.